
Klik op de Nederlandse vlag voor de Nederlandse vertaling van deze pagina

City Box | Wat is Sels Opslach
Sels opslach is doch-it-sels foar sawol partikulieren as bedriuwen.
Sels opslach is de meast fleksibele oplossing foar sawol tydlike as permaninte opslach.
Jo hiere nammentlik in romte, sa grut of sa lyts as jo nedich hawwe, foar sa lang of sa koart as jo wolle en jo meie altyd fergees yn jo eigen romte. Feilich, goedkeap en deunby.
Firtuele toer troch in City Box gebou.
Klik hjir om de 3D-ympresje te starten.
Wêrom is City Box oars?
City Box is de meast klantfreonlike operateur dy’t altyd mei jo mei tinkt. Sa is City Box bygelyks de ienige operateur dy’t in ryd-troch alle pannen hat. City box fynt nammentlik dat elkenien foar syn of har unit parkeare moatte kin.
Wy begripe ek dat ferfier foar jo faak in hiele operaasje is. Dêrom wolle ús meiwurkers jo ek graach helpe mei it ferfier. By City Box krije jo nammentlik in oanhinger fergees mei.
Mar ús meiwurkers steanne ek altyd klear om in ferhúsbuske foar jo te reservearjen of om mei ús fêste ferhúspartners al jo soargen út hannen te nimmen en de hiele ferhuzing te fersoargjen. By City Box draait it om gemak en dat merkbite jo!
Wisten jo bygelyks dat wy 54 ferskillende maten hawwe en jo by ús dus altyd de geskikte romte fine? En is de romte dy’t jo sykje op dat stuit net beskikber, dan krije jo in gruttere foar itselde jild.
Wat meie jo opslaan?
Ynboel, guod, argyf, of foarried, hast alles kin en mei. It makket neat oft it grut of lyts is, salang it gjin ûntflambere (gemyske) produkten, ferdjerlike libbensmiddels of yllegaal guod is.
Ferpakkingsmaterialen

Op alle festigingen is in tige breed assortimint fan ferpakkingsmateriaal beskikber. City Box ferkeapet in ferskaat oan doazen fan ferskillende ôfmjittings, ynpakpapier, matras- en meubelhoezen en tape. Wat jo nedich hawwe, ferkeapje wy; sa hawwe wy al pakketten foar in hiele ferhuzing fan bygelyks in 3 oant 4 keamerappartemint.
Arkferhier
City Box hat in tal partners, wêrûnder SIXT, Easymoving en Boedelbak. Mei dy partijen hawwe wy goede ôfspraken makke sadat jo as hierder, bygelyks by it hieren fan in bus, profitearje kinne fan in aardige koarting. Dêrneist hawwe wy op ús festigingen ferskate artikels op foarried, sa as bygelyks ferhústsjillen of ferhústekkens. Freegje dêrnei op ús festigingen!

Noch mear service
Us meiwurkers binne echte professionals as it op romtemanagement delkomt. Hja kinne jo goed ynformearje en advisearje oer de romte dy’t jo nedich hawwe en oer in handige wize fan steapeljen yn jo unit.
Dêrneist fine jo yn ús winkel alle materialen dy’t jo nedich hawwe foar maklik ferhúzje en goed ferpakke. City Box hat alles op ien adres! As hierder fan City Box kinne jo ek noch fergees fan in oanhinger gebrûk meitsje!
Opslach fan City Box yn Fryslân (Hearrenfean en Drachten) is feilich, goedkeap en deunby!
City Box foar ynboedelopslach, ynboelopslach, archyfopslach, ekstra berchromte, en opslachromte.





