Klik op de Nederlandse vlag voor de Nederlandse vertaling van deze pagina  nederlands

City Box | jout jo spullen alle romte yn Fryslân

Hawwe jo (wikseljende) foarried? Logistike ôfhannelings? (24 oers) servicetsjinsten? Ferskillende brûkers en bygelyks haastleverings? Jo kosten binne dan trochstrings relatyf konstant en heech. Wannear’t jo lykwols gebrûk meitsje fan selsopslach by City Box, kinne jo jo kosten minimalisearje troch dy eksakt te bepalen en 1 op 1 rinne te litten mei jo foarried ferlet. Oft it no seizoenartikels, argyf, technyske komponinten of tydlike foarried is, City Box hat altyd in oplossing.

Saaklike klanten

  • Ienkear betelje; slot en kaai € 14,95 ynklusyf BTW.
  • Ienkear in boarchsom fan in moanne hier; te beteljen by it ôfsluten fan in hierkontrakt.
  • Priis de moanne. Oer de hierpriis wurdt ek BTW rekkene.
  • Mei automatyske ynkasso yn it foar de moanne betelje.

City Box is feilich, goedkeap en deunby

City Box is net te ferlykjen mei de tradisjoneel logistike wurkwize. City Box past al jo behoeften fleksibel oan yn in op maat makke tsjinst. Fansels stean by City Box jo spullen ferwaarme en droech, is jo guod poerbêst befeilige yn jo eigen City Box en bepale jo wa’t der yn mei. Mar foar ûndernimmers is der mear.

Undernimmers profitearje nammentlik fan in soad ekstra’s, sa as: guod ôfjaan is fergees en ferskate ‘custommade’ oplossings. Sjoch foar spesifyk maatwurk nei ús business class of nim kontakt mei ús op.

Opslachromte Fryslân

Kies ek foar Selsopslach. Goed befeilige doch-it-sels opslach.

Hier goedkeap tydlike opslachromte foar jo ynboel, fakânsjeartikels, bedriuwsynventaris, argyf of foarried.

Mear wengenot, in opromme souder, garaazje, of kelder? City Box jout partikulieren en bedriuwen opslachromte fan € 12.50 de moanne ôf.

Sels opslach foar ûndernimmers

Hawwe jo oan it seizoen bûne foarried? Logistike ôfhannelings? City Box is perfekt foar ûndernimmers dy’t in miny-magazyn en/of servicedepots sykje.

Undernimmers profitearje fan in soad ekstra’s, sa is it ôfjaan fan guod fergees.

Nim foar spesifyk maatwurk kontakt mei ús op.

Opslachromte fan City Box yn Fryslân (Hearrenfean en Drachten) is feilich, goedkeap en deunby!

city box friesland