Klik op de Nederlandse vlag voor de Nederlandse vertaling van deze pagina nederlands

City Box | jout jo spullen de romte yn Fryslân

Tydlik of permanint opslach nedich foar jo spullen? Om’t jo ferbouwe sille? Om’t jo nije wenning noch net oplevere is? Of om’t jo thús gewoan mear romte hawwe wolle?

Dan is in City Box it bêste adres foar al dy saken dy’t jo net daliks nedich hawwe. By bygelyks sportartikels sa as skys, spullen foar jo boat, of motorfyts, of in part fan jo ynboel sa as meubels en kasten. Mar fansels ek alle doazen fan de souder. Koartsein alles wat jo op dit stuit yn it paad stiet bergje jo gau en feilich op yn in City Box.

Partikuliere klanten

  • Ienkear betelje: slot en kaai € 14,95 ynklusyf BTW
  • Ienkear in boarchsom fan in moanne hier; te beteljen by it ôfsluten fan it hierkontrakt.
  • Priis de moanne. Jo betelje gjin BTW.
  • Mei automatyske ynkasso betelje jo yn it foar de moanne.

City Box opslach mear romte

Jo hiere al in City Box fan 1m3 ôf foar €12,50 yn de moanne. Foar dat bedrach steane jo spullen ferwaarme en droech, bêst befeilige yn jo eigen City Box, dêr’t jo allinne de kaai fan hawwe. Partikulieren profitearje boppedat fan in soad ekstra sa as in grut assortimint skerp prize ferhúsdoazen, in oanhingwein fergees en koarting op bygelyks de hier fan in (ferhús)buske. Jo meie, sân dagen yn ‘e wike fan 06.00 oant 23.00 oere yn jo City Box of better sein jo hawwe jo spullen altyd ticht by hûs.

Brûk de romteplanner om te mjitten hoefolle romte jo nedich hawwe.

Om jo in goed ynsicht te jaan yn hoefolle romte jo nedich hawwe, wannear't jo bygelyks ynboedel opslaan wolle, hat City Box de 'romteplanner' ûntwikkele.

Klik hjir om nei  de romteplanner te gean.

Wannear't jo de romteplanner printe wolle om dêrmei op jo gemak troch it hûs te kuierjen om oantekens te meitsjen, klik dan hjir.

Opslach fan City Box yn Fryslân is feilich, goedkeap en deunby! Foar ynboedelopslach, argyfopslach, depotromte, (ekstra) berchromte, opslachromte en/ of skuorreromte. City Box Hearrenfean en City Box Drachten lizze sintraal yn Fryslân en binne dêrom ek goed berikber fan bygelyks Ljouwert, Snits en De Jouwer út en foar de rest fan de provinsje.

city box friesland